Nena (sjongeres)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gabriele Susanne Kerner better bekent as Nena (Hagen, 24 maart 1960) is in Dútske sjongeres. De band mei deselde namme Nena hie yn de 1980'er jierren grutte hits mei ûnder oaren "99 Luftballons", dy't wrâldwiid in hit waard, "Nur geträumt", "Leuchtturm", "Fragezeichen" en "Irgendwie, irgendwo, irgendwann". Yn 1989 gie Nena allinnich fierder. Yn it begjin mei minder súkses as yn de perioade mei de band. Yn 2002 kaam se súksesfol werom nei't se tegearre mei Kim Wilde in hit skoarde mei "Anyplace, Anywhere, Anytime". Nena hat ek wurke as aktrise en presintatrise.
Fluch de feiten
Nena | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Nena (2018) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gabriele Susanne Kerner | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 24 maart 1960 | |
berteplak | Hagen | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop | |
sjongtaal | Dútsk & Ingelsk | |
grutste hit(s) | 99 Luftballons, Anyplace, Anywhere, Anytime (ft. Kim Wilde), | |
jierren aktyf | 1979-no |
Slute