Nederlânske Tsjerke fan Londen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Nederlânske Tsjerke fan Londen (Ingelsk: Dutch Church) is de tsjerke fan 'e âldste Nederlânsktalige protestantske gemeente fan 'e wrâld. De tsjerke stiet yn it histoaryske hert fan Londen oan 'e Austin Friars. Op it plak stie lang lyn in Augustynsk kleaster (Augustinian friary) út de 13e iuw, dat yn it Ingelsk oantsjut wurdt mei de gearfoeging Austin Friars. De tsjerke, dy't al yn gebrûk wie as protestantske tsjerke doe't de reformaasje noch net yn Nederlân ynfierd wie, wurdt beskôge as de memmetsjerke fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.
Nederlânske Tsjerke
Dutch Church | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
plak | Londen EC2N 2HA | |
adres | 7 Austin Friars | |
koördinaten | 51° 30' N 0° 5' W | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Arthur Bailey | |
boujier | 1950-1954 | |
monumintale status | Grade II listed building | |
Webside | ||
Side Nederlânske Tsjerke yn Londen | ||
Kaart | ||
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke by in Dútske loftoanfal ferneatige. De weropbou fan 'e tsjerke folge yn 'e jierren 1950-1954 yn in modernere foarm. Tsjintwurdich is de tsjerke njonken in religieus sintrum ek in kultureel moetingsplak foar de Nederlânske mienskip yn Londen.