Nederdútsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Nederdútsk, ek wol Platdútsk, Leechdútsk of soms Nedersaksysk neamd, is in taal dy't heart ta de Súdwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen en sprutsen wurdt yn noardlik Dútslân, súdlik Denemark en noardlik Poalen. Fierders wurdt it ek noch sprutsen yn guon ymmigrantemienskippen, benammentlik yn Kanada.
Nederdútsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Platdútsk, Nedersaksysk | |
eigen namme | Plattdüütsch | |
lânseigen yn | Dútslân, Denemark, Poalen | |
tal sprekkers | 10.000.000 (it Nedersaksysk yn Nederlân net meirekkene) | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Nedersaksysk | |
dialekten | Westnederdútsk (Noardsaksysk, Westfaalsk, Eastfaalsk), Eastnederdútsk (Marksk-Brandenboarchsk, Meklenboarchsk-Foarpommersk, Middelpommersk, Eastpommersk, Nederprusysk) | |
taalstatus | ||
offisjele status | it Nederdútsk genietet yn Dútslân erkenning as minderheidstaal; yn Denemark en Poalen wurdt it net erkend | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | nds | |
ISO 639-3 | nds |
It Nederdútsk wurdt yn Dútslân sprutsen troch likernôch tsien miljoen minsken, oftewol 12% fan 'e Dútke befolking. Yn Denemark wurdt it heechút troch in pear tûzen minsken sprutsen. It sprekkerstal yn Poalen is ûnbekend, mar sil nei gedachten net boppe tsientûzen útkomme. It nau oan it Nederdútsk besibbe Nedersaksysk yn noardeastlik Nederlân hat 1.616.000 sprekkers.
It Nederdútsk genietet yn Dútslân erkenning as minderheidstaal en is yn 1998 troch it Dútske regear opjûn ûnder Diel III fan it Jeropeesk Ferdrach foar Regionale en Minderheidstalen.