Merkuerius (planeet)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Merkuerius (symboal: ) stiet fan alle planeten yn ús sinnestelsel it tichstby de sinne. Sûnt Pluto syn status as planeet ferlern hat is Merkuerius de lytste planeet fan ús sinnestelsel. De planeet is nei de Romeinske God Merkuerius neamd om't er sa fluch om de sinne draait. Lykas de ierde is Merkuerius in terrestryske planeet mei in fêst oerflak dat in protte mien hat mei ús moanne. Merkuerius hat in frij sterk magnetysk fjild. De planeet hat gjin moanne.