Mary Poppins Returns
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mary Poppins Returns is in Amerikaanske histoaryske fantasykomeedzjefilm, filmmusical en famyljefilm út 2018 ûnder rezjy fan Rob Marshall. De haadrollen waarden spile troch Emily Blunt, Lin-Manuel Miranda, Ben Whishaw en Emily Mortimer. De titel betsjut "Mary Poppins Keart Werom". De film hjit in ferfolch te wêzen op 'e filmklassiker Mary Poppins, út 1964, mar it ferhaal fan Mary Poppins Returns liket sa op dat fan 'e oarspronklike film, dat it likegoed in remake neamd wurde kin. De plot folget widner Michael Banks, dy't yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, nei it ferstjerren fan syn frou, syn trije bern op eigen manneboet grutbringe moat. As de húshâlding op 'e strjitte set driget te wurden, ferskynt, om regaad te meitsjen, lykwols jitris de kordate gûvernante Mary Poppins, dy't tsjoene kin. Mary Poppins Returns krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars, fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje) in Grammy en trije BAFTA's. Hy wûn in Saturn Award, in Satellite Award en twa Annie Awards.
Mary Poppins Returns | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Rob Marshall | |
produsint | Rob Marshall John DeLuca Marc Platt | |
senario | David Magee | |
basearre op | Mary Poppins fan P.L. Travers | |
kamerarezjy | Dion Beebe | |
muzyk | Marc Shaiman | |
filmstudio | Walt Disney Pictures Lucamar Productions Marc Platt Productions | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Emily Blunt Lin-Manuel Miranda Ben Whishaw Emily Mortimer | |
byrollen | Nathanael Saleh Pixie Davies Joel Dawson Colin Firth Julie Walters Meryl Streep Dick Van Dyke | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 novimber 2018 | |
foarm | lange filmmusical | |
sjenre | histoaryske fantasy- komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 131 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $130 miljoen | |
opbringst | $349,5 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award 1 × Satellite Award 2 × Annie Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Mary Poppins | |
● foarich diel | Mary Poppins |