Manistee (Michigan)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Manistee is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Michigan en teffens it haadplak fan Manistee County. It leit oan 'e westkust fan Neder-Michigan, op it plak dêr't de rivier de Manistee útmûnet yn 'e Michiganmar, ien fan 'e fiif Grutte Marren. De namme 'Manistee' is ôfkomstich út 'e Yndiaanske Ottawa-taal, mar troch ferbastering is de oarspronklike betsjutting dreech fêst te stellen. Miskien komt it fan it wurd ministigweyaa, dat "rivier mei eilannen yn 'e mûning" betsjut. Manistee Township is in plattelânsdistrikt dat fuort benoaden de stêd Manistee leit, mar dat der bestjoerlik los fan stiet. Neffens in offisjele skatting út 2014 troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) hie Manistee doe 6.100 ynwenners.
Manistee | ||
De rivier de Manistee yn 'e stêd Manistee. | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Manistee County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.098 (2012) | |
Oerflak | 11,6 km² (ynkl. wetter) 8,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 730,7 / km² | |
Hichte | 202m | |
Oar | ||
Stifting | foàr 1830 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 44°14′37″N 86°19′17″W | |
Offisjele webside | ||
www.ci.manistee.mi.us | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Manistee yn Manistee County en yn 'e steat Michigan. |