Mae West
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mary Jane (Mae) West (17 augustus 1893, Brooklyn, New York City - 22 novimber 1980, Hollywood, Kalifornje) wie in Amerikaansk aktrise, senarioskriuwster, toanielskriuwster en sekssymboal, dy't yn de jierren 30 mei har suggestive, seksueel-tinte dialogen tige populêr waard, mar ek in soad kontroverze feroarsake. Dy dialogen wienen faak op de grins fan wat de sensuer noch tastean koe. West skreau al har teksten sels. Guon fan har útspraken wurde noch regelmjittich oanhelle, lykas: Come up an' see me some time en Is that a gun in your pocket, or are you just glad to see me?.
Mae West | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mary Jane West | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 augustus 1893 | |
stoarn | 22 novimber 1980 | |
jierren aktyf | 1907–1978 | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl |
West har populêrens wie yn de tritiger jierren op it hichtepunt. Yn 1935 wie hja de bêst betelle froulike artyste yn de Feriene Steaten.
Fan 1933 ôf krige West it hieltiid mear swierrichheden om't de sensuer stranger waard. Ek religieuze organisaasjes protestearren tsjin West's films en ein jierren 30 waard hja in skoft fan de radio ferballe. Films as Klondike Annie en Go West Young Man (beide út 1936) wiene lykwols noch skerp fan tekst en populêr nettsjinsteande de oanheljende sensuer.
Yn 1940 spile hja tegearre mei W.C. Fields yn de súksesfolle film My Little Chickadee. It wie bekend dat de twa stjerren it net meiinoar fine koene. Nei The Heat's On út 1943 stoppe sy mei films en gie se de nachtklubs en it teäter yn, dêr't de sensuer minder ynfloed hie en hja mear artistyke frijheid hie. Hja joech foarstellings yn ûnder oaren Ingelân en Las Vegas. By har shows yn Las Vegas hie West bodybuilders om har hinne en song se ek. De show wie tige súksesfol en waard jierrenlang fuortset.
Yn 1959 skreau hja har autobiografy Goodness Had Nothing To Do With It. Yn de santiger jierren ferskynde hja noch yn twa films, Myra Breckinridge yn 1970 en Sextette ym 1978. Yn 1980 stoar Mae West nei in stikmannich beroerten mei 87 jier yn Hollywood. Se waard begroeven yn New York.
Mae West hat ien kear troud west, mei Frank Wallace fan 11 april 1911 oant 21 july 1942. Hja hat dat nea tajaan wollen en se hawwe nea ûnder ien dak wenne.