Louis Blériot
From Wikipedia, the free encyclopedia
Louis Charles Joseph Blériot (Cambrai, 1 july 1872 – Parys, 2 augustus 1936) wie in Frânske loftfeartpionier.
Op 25 july 1909 wie er de earste dy't mei in motorisearre fleanmasine oer It Kanaal fleach. Hy die dat yn in selsmakke tastel (Blériot XI) mei in trijesilindermotor fan 25 hk. De flecht fan Calais nei Dover, in ôfstan fan sirka 45 km duorre 37 minuten.
Blériot wie ek de earste dy't in funksjonearjende iendekker boude.