Lonely Planet
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lonely Planet is in Australysk bedriuw dat him ûntjûn hat ta de grutste útjouwerij fan reisgidsen fan 'e wrâld. It bedriuw waard yn 1972 oprjochte en wie lang in selsstannige ûndernimming, mar is no eigendom fan 'e NC2 Media-korporaasje fan 'e Amerikaanske miljardêr Brad Kelley. It grutste kantoar is noch altyd fêstige yn Austraalje, yn Footscray, in foarstêd fan Melbourne (foarhinne yn Hawthorn), mar de útjouwerij wurdt sûnt 2013 feitliks laat fanút de Amerikaanske fêstiging yn Franklin. Lonely Planet hat ek kantoaren yn Londen, Peking, Delly en oare plakken.
Fluch de feiten
Lonely Planet | ||
algemien | ||
hist. namme | Lonely Planet Publications | |
nasjonaliteit | Australysk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij, multymedia | |
haadkertier | Footscray (Fiktoaria) | |
oprjochte | 1972 | |
oprjochter | Tony en Maureen Wheeler | |
eigner | NC2 Media | |
sifers | ||
aktyf yn | de hiele wrâld | |
wurknimmers | 200 skriuwers + 400 stêf | |
offisjele webside | ||
www.lonelyplanet.com |
Slute