Loire-Atlantique
Frânsk departemint / From Wikipedia, the free encyclopedia
Loire-Atlantique (Frânske útspr.: [lwaːʀatlãˈtik], likernôch: "lwaach-at-lâ-tyk"; Bretonsk: Liger-Atlantel; "Atlantyske Loire") is in departemint fan Frankryk dat yn it westen fan it lân leit, oan it begjin fan it skiereilân Bretanje. De namme ferwiist nei de rivier de Loire en de Atlantyske Oseaan. Oant 1957 hiet de departemint Loire-Inférieure ("Neder-Loire"). Hoewol't Loire-Atlantique ta de histoaryske lânstreek Bretanje heart, makket it gjin diel út fan 'e bestjoerlike regio Bretanje, mar ynstee fan 'e regio Lân fan 'e Loire (Pays de la Loire). It hat it departemintsnûmer 44. De haadstêd en teffens grutste stêd is Nantes, de âlde haadstêd fan it Hartochdom Bretanje. Loire-Atlantique hie yn 2017 in befolking fan krapoan 1.395.000 minsken.
Loire-Atlantique | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Lân fan de Loire |
haadplak | Nantes |
grutste plak | Nantes |
departemintsnûmer | 44 |
hist. namme | Loire-Inférieure |
sifers | |
ynwennertal | 1.394.909 (2017) |
oerflak | 6.881 km² |
befolkingstichtens | 202,7 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 47°20′ N 1°40′ W |
webside | www.cg44.fr |