Lockheed P-38 Lightning
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lockheed P-38 Lightning wie in Amerikaanske swiere jachtfleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich. It tastel wie fluch, sterk en betrouber en ferfolde tal fan rollen yn de striid om de Grutte Oseaan, Noard-Afrika en yn Jeropa. Oarspronklik wienen hja ornearre as eskorte- en ûnderskeppingsjager, mar yn dy rol foldiene hja net yn Europa.
Mear ynformaasje Lightning, Rol ...
Lockheed P-38 Lightning | |
---|---|
Rol | Jachtbommesmiter, nachtjager |
Makker | Lockheed |
Untwerper | Clarence "Kelly" Johnson |
Earste flecht | 27 jannewaris 1939 |
Yn tsjinst | 1941 |
Ut tsjinst | 1965 (Hondûras) |
Tal makke | 10.037 (1941–45) |
Brûkers | Sjoch tekst |
Slute
De P-38 Lightning waard dêrom oanpast om op te treden as ferkenningsfleanmasine, (jacht-)bommesmiter en nachtjager.
Op 27 jannewaris 1939 fleach it earste prototype en op 11 febrewaris 1939 waard mei dat tastel in trans-kontinintaal faasjerekord festige troch yn 7 oere en 2 minuten fan Kalifornje nei New York te fleanen.