Liparyske of Eoalyske Eilannen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Liparyske of Eoalyske Eilannen (Italjaansk: Isole Lipari of Isole Eolie, Sisyljaansk: Ìsuli Eolî) binne in groep eilannen, dy't noardlik fan Sisylje yn de Tyrreenske See lizze. It is in populêre fakânsjebestimming dêr't jierliks sa'n 200.000 toeristen komme. It grutste eilân is Lipary.