Laptevsee
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Laptevsee (Russysk: мо́ре Лáптевых) is in binnensee fan de Arktyske Oseaan. Dy leit tusken de eastkust fan Sibearje, it Taimyr Skiereilân, Noardlân en de Nijsibearyske Eilannen. De noardlike grins rint fan de Arktyske Kaap oant Kaap Anisi. De Karasee leit yn it westen, de Eastsibearyske See yn it easten. De Laptevsee is likernôch 672.000 kante kilometer grut. Hy is te befarren yn augustus en septimber.
Fluch de feiten
Laptevsee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Noardlân, de Nijsibearyske Eilannen en it fêstelân fan Sibearje | |
lân | Ruslân | |
koördinaten | 76°16'07″NB, 125°38'23″EL | |
ûnderdiel fan | Noardlike Iissee | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.275 km | |
maks. breedte | 985 km | |
oerflak | 700.000 km² | |
djiptegemiddelde | 578 m | |
djipste punt | 3.385 m | |
wetterfolume | 403.000 km³ | |
In lânkaart fan de Laptevsee. |
Slute
De namme fan de see komt fan de Russyske ûntdekkingsreizgers Dmitry Laptev en Khariton Laptev. Earder hie de Laptevsee de namme Nordenskjoldsee (Russysk: мо́ре Норденшельда), nei de ûntdekkingsreizger Adolf Erik Nordenskiöld.