Langsturtmiesfûgels
From Wikipedia, the free encyclopedia
De langsturtmiesfûgels (Aegithalidae) binne in famylje fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). De famylje telt sa'n 13 soarten ferdield oer 3 skaaien. It binne lytse fûgeltjes fan 9-15 cm mei in lange sturt. Troch harren lange sturt binne se net de lytste fûgeltjes op ierde. De langsturtmiesfûgels libje yn Jeraazje en de measte yn Midden-Aazje; allinnich de strûkmies is in Amerikaanske soarte. De 'gewoane' langsturtmies briedt ek yn Nederlân en Fryslân.
Fluch de feiten
Langsturtmiesfûgels | ||
Wytkoplangsturtmies (Aegithalos caudatus caudatus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea) | |
famylje: | langsturtmiesfûgels (Aegithalidae) | |
Reichenbach, 1850 | ||
Slute