Kubike meter
From Wikipedia, the free encyclopedia
In kubike meter, gauris ôfkoarte ta kúb en werjûn mei it symboal m³, is in ynhâldsmjitte yn it metrike stelsel fan it Système International (SI), dy't oerienkomt mei de ynhâld fan in kubus fan 1 meter lang, 1 meter breed en 1 meter heech. In alternative beneaming foar in kubike meter, dy't selden brûkt wurdt en dan noch inkeld foar floeistoffen, is kiloliter. Yn Nederlân wurdt it drinkwetter- en ierdgasferbrûk fan húshâldings troch wetter- en gasmeters werjûn yn kubike meters.