Krim (republyk)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Republyk fan de Krim (Russysk: Республика Крым, Respûblika Krym; Oekraynsk: Республіка Крим; Krimtataarsk: Qırım Cumhuriyeti) is in federale republyk fan de Russyske Federaasje. It gebiet komt oerien mei de Autonome Republyk fan de Krim, de jure in dielgebiet fan de Oekraïne.
Republyk fan de Krim
Республика Крым (Russysk) | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | dielrepublyk |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Súd |
ekonomyske regio | Noard-Kaukasus |
haadplak | Simferopol |
grutste plak | Simferopol |
taal | Russysk, Oekraynsk, Krimtataarsk |
Etnyske groepen | Russen 65,20% Oekraïners 15,99%, Krim-Tataren 12,59% (Stân 2014) |
sifers | |
ynwennertal | 1.896.393 (2022) |
oerflak | 26.081 km² |
befolkingstichtens | 72,71 ynw./km² |
oar | |
stifting | 11 maart 2014 |
tiidsône | UTC+3 MSK |
koördinaten | 44° 56' N 34° 06' E |
webside | crimea.gov.ru |
- Dizze side giet oer it ûnderwerp yn de Russyske Federaasje. Foar it dielgebiet fan de Oekraïne, sjoch: Autonome Republyk fan de Krim.
De haadstêd en grutste stêd fan de republyk is Simferopol. Sebastopol is grutter as Simferopol, mar makket as federale stêd fan de Russyske Federaasje gjin ûnderdiel út fan de Republyk fan de Krim. Beide binne neffens de Russyske bestjoerlike yndieling ûnderdiel fan it Federaal Distrikt Súd. Ek yn de tiid fan it Oekraynsk bewâld hie Sebastopol in aparte status.
By de lêste folkstelling fan 2014 hie de republyk 1.891.465 ynwenners.