Kostroma
in stêd yn Ruslân / From Wikipedia, the free encyclopedia
Kostroma (Russysk: Кострома) is in stêd oan de Wolga yn Ruslân. It is it bestjoerlike sintrum fan it oblast Kostroma. De stêd leit likernôch 345 kilometer fan de haadstêd Moskou.
Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Kostroma | |
---|---|
Ipatjev-kleaster | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Kostroma |
Sifers | |
Ynwennertal | 277.021 (2022) |
Oerflak | 144,5 km² |
Befolkingstichtens | 1917,1 ynw./km² |
Hichte | 110 m sintrum |
Oar | |
Stifting | 1152 |
Simmertiid | (UTC+3) |
Koördinaten | 57° 46' N 40° 56' E |
Webside | Side gemeente |
Slute
Kostroma waard stifte yn de 12e iuw en wie yn de 13e iuw de haadstêd fan it foarstendom Kostroma. Yn it sintrum binne in soad gebouwen út it klassisistyske tiidrek fan de lette 18e-19e iuw bewarre bleaun. Fan de monuminten fan foar de tiid fan Peter de Grutte binne de meast ynteressante kompleksen it Ipatjev-kleaster en it Epifany-kleaster fan Sint-Anastasia. De stêd makket diel út fan de Gouden Ring fan Ruslân.