Knoxville (Tennessee)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Knoxville (Ingelske útspraak: /ˈnɑksˌvɪl/, likernôch: "noks-wil") is in stêd en gemeente yn 'e Amerikaanske steat Tennessee, dy't it haadplak is fan it omlizzende Knox County. De stêd waard stifte yn 1791 en wie de earste en oarspronklike haadstêd fan Tennessee. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie Knoxville doe goed 186.000 ynwenners, wat it ta de trêde stêd fan Tennessee makket (nei Nashville en Memphis) en ta de 117e stêd yn 'e Feriene Steaten. As stêdekloft, d.w.s. mei foarstêden en it omlizzende ferstedske plattelân meirekkene, hat Knoxville in befolking fan krapoan 560.000 minsken. Yn 'e stêd binne de Universiteit fan Tennessee en de Tennessee Valley Authority (TVA) fêstige. As ien fan 'e grutste stêden fan 'e Appalachen foarmet Knoxville fierders ien fan 'e tagongspoarten ta it Nasjonaal Park de Great Smoky Mountains.
Knoxville | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Tennessee | |
County | Knox County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 186.239 (2016) | |
Oerflak | 269,8 km² (ynkl. wetter) 255,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 690,3 / km² | |
Stêdekloft | 558.696 (2010) | |
Hichte | 270 m | |
Oar | ||
Stifting | 1791 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 35°58′22″N 83°56′32″W | |
Offisjele webside | ||
www.knoxvilletn.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Knoxville yn Knox County en yn 'e steat Tennessee. |