Kikkerts (toanielstik)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kikkerts, yn it oarspronklike Aldgryksk: Βάτραχοι, Bātrachoi, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes (±446-±386 f.Kr.). It is in komeedzje mei in wat misliedende titel (mei't kikkerts der mar ien kear yn foarkomme), dy't ferhellet hoe't de god Dionysus nei de ûnderwrâld reizget om 'e Ateenske toanielkeunst te rêden fan 'e midsmjittichheid troch ien fan 'e deade trageedzjeskriuwers fan alearen wer ta libben te wekjen. Aristofanes hat yn Kikkerts fral de gek mei syn kollega-toanielskriuwers. It stik datearret út 405 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus Lenaius, wêrby't it de earste priis wûn. It waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.
Kikkerts | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Βάτραχοι | |
auteur | Aristofanes | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 405 f.Kr. | |
1e opfiering | 405 f.Kr., Atene | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Kikkerts | |
publikaasje | (net útjûn) | |
oersetter | Klaas Bruinsma |