Karen Blixen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Karen Blixen (Deenske útspr.: [kʰɑ:ɑn 'b̥leɡ̊sn̩]; folút: Karen baronesse von Blixen-Finecke; berne as: Karen Christenze Dinesen; Rungsted, 17 april 1885 – dêre, 7 septimber 1962) wie in Deensk skriuwster, essayiste, autobiografe en keunstneresse, dy't ek skreaun hat ûnder de pseudonimen Isak Dinesen, Tania Blixen, Osceola en Pierre Andrézel. Hja wenne fan 1914 oant 1931 yn 'e Britske koloanje East-Afrika (it lettere Kenia), en is it bekendst wurden troch har autobiografyske roman oer dy jierren, Den Afrikanske Farm, dêr't yn 1985 in mannichfâld bekroande ferfilming fan makke waard ûnder de titel Out of Africa. Dêrnjonken is Blixen benammen yn Denemark ek bekend fanwegen har koarte ferhaal Babettes Gæstebud en de ferhalebondel Syv Fantastiske Fortællinger.
Karen Blixen | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Isak Dinesen, Tania Blixen, Osceola, Pierre Andrézel | |
echte namme | Karen baronesse von Blixen-Finecke | |
nasjonaliteit | Deensk | |
berne | 17 april 1885 | |
berteplak | Rungsted (Denemark) | |
stoarn | 7 septimber 1962 | |
stjerplak | Rungsted (Denemark) | |
etnisiteit | Deensk | |
wurk | ||
taal | Deensk, Ingelsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, essay's, autobiografy | |
perioade | 1e helte & midden 20e iuw | |
streaming | neo-romantyk, magysk reälisme | |
bekendste wurk(en) | Den Afrikanske Farm (Out of Africa) Babettes Gæstebud Syv Fantastiske Fortællinger | |
prizen | Tagea Brandt Rejselegat 1939 Ingenio et Arti-medalje 1950 | |
jierren aktyf | 1905 – 1962 | |
offisjele webside | ||
www.karenblixen.com |