Kamala Harris
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kamala Harris (útspr.: [ˈkɑːmələ ˈhæɹɪs], likernôch: "kaa-muh-luh her-ris"; folút: Kamala Devi Harris; Oakland, 20 oktober 1964) is in Amerikaansk abbekate en politika, dy't yn 2021 de earste froulike, earste Afro-Amerikaanske en earste Súdaziatyske fise-presidint fan 'e Feriene Steaten waard. Se is fan mingd Jamaikaansk-Yndiaask komôf en wie earder ofsier fan justysje fan San Francisco en prokureur-generaal fan Kalifornje. Yn 2017 waard se yn 'e Amerikaanske Senaat keazen. By de foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 stelde Harris harsels yn 2019 kandidaat foar it presidintskip. Dêrmei wûn se bekendheid, mar se moast lykwols al rillegau ôfheakje om't se net folle fan 'e Demokratyske kiezers efter har wist te krijen. Yn augustus 2020 makke de Demokratyske presidintskandidaat Joe Biden bekend dat er Harris frege hie syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. By de ferkiezings fan 3 novimber bliek nei in neiltsjebitend spannende pear dagen om 'e stimmen te tellen, dat Biden en Harris de sittende presidint Donald Trump en syn fise-presidint Mike Pence mei oermacht ferslein hiene.
Kamala Harris | ||
politikus | ||
echte namme | Kamala Devi Harris | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 20 oktober 1964 | |
berteplak | Oakland (Kalifornje) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk Jamaikaansk-Kreoalsk Tamylsk | |
partij | Demokratyske Partij | |
fise-presidint fan 'e Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 2021 – 2025 | |
foargonger | Mike Pence | |
lid fan 'e Amerikaanske Senaat foar Kalifornje | ||
amtsperioade | 2017 – 2021 | |
foargonger | Barbara Boxer | |
opfolger | noch net bekend | |
prokureur-generaal fan Kalifornje | ||
amtsperioade | 2011 – 2017 | |
foargonger | Jerry Brown | |
opfolger | Xavier Becerra | |
ofsier fan justysje fan San Francisco | ||
amtsperioade | 2004 – 2011 | |
foargonger | Terence Hallinan | |
opfolger | George Gascón | |
offisjele webside | ||
kamalaharris.org |