Junkers Ju 87
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Junkers Ju 87 wie in ienmotorige taktyske dûkbommesmiter fan de Dútske Luftwaffe sûnt 1933 en bekend wurden yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy is fral bekend as Stuka, offisjeel de ôfkoarting fan it Dútske wurd Sturzkampfflugzeug, mar dat waard de eigennamme fan de Ju 87. Hy waard ûntwurpen troch Hermann Pohlmann en boud troch de firma Junkers.
Mear ynformaasje Stuka, Fabrikant ...
Junkers Ju 87 Stuka | |
---|---|
| |
Fabrikant | Junkers |
Earste flecht | 17 septimber 1935 |
Yn tsjinst | Maitiid 1937 |
Produksjejierren | 1937 oant 1944 |
Tal makke | 5.752 |
Slute
De Stuka fleach foar it earst yn 1935 en hie syn fjoerdoop yn 1936 yn de Spaanske Boargerkriich by it Kondor Legioen fan de Luftwaffe.
De Ju 87 waard teffens brûkt troch de Italjaanske loftmacht en hie dêr de bynamme Picchiatello. Ek de Hongaarske, Roemeenske en Bulgaarske loftmachten hawwe de Stuka ta foldwaan hân.