José de Espronceda
From Wikipedia, the free encyclopedia
José de Espronceda (Spaanske útspr.: [xo'se: də ɛspron'θedɑ]), folút: José Ignacio Javier Oriol Encarnación de Espronceda Delgada; Pajares de la Vega, by Almendralejo, 25 maart 1808 – Madrid, 23 maaie 1842) wie in ferneamd Spaansk dichter en skriuwer út it tiidrek fan 'e Romantyk. Hy stie bekend om syn linkse politike stânpunten en tinkbylden, wêrfoar't sels in hoart út Spanje ferballe waard. Hjoed de dei wurdt er mei José Zorilla beskôge as de wichtichste Romantyske dichter fan Spanje, en teffens as de meast rebelske Spaanske dichter ea. Hy stoar yn 'e âldens fan 34 jier oan diftery.
Fluch de feiten
José de Espronceda | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | José Ingnacio Javier Oriol Encarnación de Espronceda Delgada | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
berne | 25 maart 1808 | |
berteplak | Pajares de la Vega (Spanje) | |
stoarn | 23 maaie 1842 | |
stjerplak | Madrid (Spanje) | |
etnisiteit | Ekstremadoereesk | |
wurk | ||
taal | Spaansk | |
sjenre | poëzij, lit. romans | |
perioade | 1e helte 19e iuw | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) | Sancho Saldaña o El Castellano de Cuéllar El Estudiante de Salamanca El Diablo Mundo | |
jierren aktyf | ±1824 – 1842 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Slute
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is José Ignacio Javier Oriol Encarnación. De earste efternamme (fan heitekant) is (de) Espronceda, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Delgada. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm (de) Espronceda of oars (de) Espronceda Delgada brûkt wurde.