John Plumbe
From Wikipedia, the free encyclopedia
John Plumbe, Jr. (Castle Caereinion, Powys, Wales, 13 july 1809 – Iowa, 28 maaie 1857) wie in fotograaf, ûndernimmer, galleryhâlder, útjouwer en pleiter foar in transkontinintaal spoar troch de Feriene Steaten, mids 19e iuw.
Hy stifte 40-er jierren tal fan fotostudio's yn de Feriene Steaten en ek dependânses yn Parys en Liverpool. Hy betocht in litografysk proses foar it fermearderjen fan foto's, dat it "plumbeotype" neamd wurdt.