Jesaja (bibelboek)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jesaja, yn it oarspronklike Hebriuwsk: ישעיהו, Yěšayahu, is in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is Jesaja it 10de boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 23ste boek (fan 39) en heart it ta de Grutte Profeten. Yn it boek Jesaja binne in rige profesijen optekene, wêryn't earst de ein fan it keninkryk Juda foarsein wurdt en dêrnei de restauraasje fan 'e Israelityske steat yn 'e foarm fan in glorieus takomstich keninkryk fan God. De earste folsleine Fryske oersetting fan Jesaja stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Jesaja | ||
In fragmint fan it âldste oerlevere hânskrift fan Jesaja, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Deade-Seerôlen. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | ישעיהו ("Yešayahu") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk, Arameesk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 7e – 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Heechliet | |
● folgjend diel | Jeremia | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Jesaja | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |