Jaïnisme
From Wikipedia, the free encyclopedia
It jaïnisme, dat tradisjoneel as jain dharma bekendstiet, is in âlde Yndiaske religy dy't sûnt iere tiden as ûnôfhinklik leauwe en filosofy jildt. It wichtichste geskrift is de Tattvartha Sutra. Jaïnisme hat fan begjin ôf wichtich west foar de Yndiaaske kultuer en hie ynfloed op de Yndiaaske filosofy, keunst, arsjitektuer, wittenskippen en polityk en hat ek bydroegen ta it geweldleaze Yndiaaske ônôfhinklikheidsstribjen fan Mahatma Ghandi.