Jacques Cartier
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jacques Cartier (Frânske útspr.: [ʒak kaʁˈce], likernôch: "zjak kach-tjee"; Bretonsk: Jakez Karter; Saint-Malo, 31 desimber 1491 – dêre, 1 septimber 1557) wie in Frânsk seeman en ûntdekkingsreizger fan etnysk Bretonsk komôf. Tusken 1532 en 1542 makke er trije reizen nei it noardeastlike kustgebiet fan Noard-Amearika, dêr't er as earste de Saint Lawrencebaai yn kaart brocht en de rivier de St. Lawrence folge oant yn it binnenlân. Dat neamde er it "Lân fan 'e Kanada's", nei de beide grutte Irokeeske delsettings dy't er seach op 'e plakken dêr't no de stêden Kebek en Montreal lizze. Cartier naam dat gebiet yn besit foar de Frânske Kroan.
Fluch de feiten
Jacques Cartier | ||
In foarstelling fan Jacques Cartier op in skilderij fan Théophile Hamel fan omtrint 1844. Der besteane gjin kontemporêne portretten fan Cartier. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jacques Cartier | |
oare namme | Jakez Karter (Bretonsk) | |
nasjonaliteit | Bretonsk (oant 1532) Frânsk (fan 1532 ôf) | |
berne | 31 desimber 1491 | |
berteplak | Saint-Malo (Bretanje) | |
stoarn | 1 septimber 1557 | |
stjerplak | Saint-Malo (Bretanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | seeman | |
aktyf as | Untdekkingsreizger | |
jierren aktyf | 1532 – 1542 | |
reden bekendheid | earste Jeropeaan dy't it binnen- lân fan Noard-Amearika oandie |
Slute