Ivanhoe
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ivanhoe is in histoaryske roman fan 'e grutte Britske skriuwer, toanielskriuwer en dichter sir Walter Scott (1771-1832). It ferhaal fertelt fan 'e barrens yn it Midsiuwske Ingelân fan 1194, doe't nei it mislearjen fan 'e Tredde Krústocht in protte krúsfarders noch ûnderweis nei hûs wiene. Ivanhoe, dat foar it earst publisearre waard yn 1820, is ien fan Scott syn bekendste romans, dat yn 'e dagen fan 'e Romantyk tige by tige bydroech oan 'e belangstelling foar de skiednis yn it algemien en foar de Midsiuwen yn it bysûnder. It is withoefolle kearen adaptearre ta oare media, lykas films, tillefyzjesearjes, tekenfilms, stripferhalen, toaniel en opera's. Yn 1985 ferskynde der by de Afûk fan dit ferhaal in Frysktalige bewurking foar jongerein.
Fluch de feiten
Ivanhoe | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ivanhoe | |
auteur | sir Walter Scott | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | histoaryske roman | |
1e publikaasje | 1820, Edinburch | |
oarspr. útjwr. | Constable & Co. |
Slute
- Dizze side giet oer histoaryske roman fan sir Walter Scott. Foar oare betsjuttings, sjoch: Ivanhoe (betsjuttingsside).