Ivan IV fan Ruslân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ivan IV Vasiljevitsj (Russysk: Иван Васильевич; berne op 25 augustus 1530 – ferstoarn op 18 maart 1584) wie fan 1533 oant 1547 grutfoarst fan Moskoovje en de earste Russyske tsaar. Ivan IV stamde fan it âlde russyske foarsteskaai fan de Rûrikiden.
Fluch de feiten
Ivan IV fan Ruslân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
Ivan de Grousume troch Viktor Vasnetsov | ||
bynamme | Ivan de Grousume, Ivan de Ferskriklike | |
nasjonaliteit | Russysk | |
bertedatum | 25 augustus 1530 | |
berteplak | Kolomenskoje | |
stjerdatum | 18 maart 1584 | |
stjerplak | Moskou | |
dynasty | Rjoerikiden | |
etnisiteit | Russysk | |
tsaar fan Ruslân | ||
regear | 1547 – 1575 en 1576 – 1584 | |
foargonger | himsels as grutfoarst fan Moskou (-1547) Simeon Bekbûlatovitsj (1575-1576) | |
opfolger | Fjodor I fan Ruslân | |
grutfoarst fan Moskou | ||
regear | 1533 – 1547 | |
foargonger | Vasili III fan Moskou | |
opfolger | himsels as tsaar fan Ruslân |
Slute
Hy is fral bekend as Ivan Grozny (Ива́н Гро́зный) en yn 'e regel wurdt dat oerset as Ivan de Grousume of Ivan de Ferskriklike; 'grozny' betsjut lykwols ûntsachlik, machtich of strang.
Ivan IV brocht feroarings yn it bestjoer, it rjocht en leger en begeunstige de legere adel yn it neidiel fan de ynfloedrike bojaren. Under syn bewâld wreide it ryk him út nei it easten en suden, mar troch de Liiflânske Kriich en de terreur liet er in ferswakke Ruslân efter.