In the Valley of Elah
film út 2007 fan Paul Haggis / From Wikipedia, the free encyclopedia
In the Valley of Elah is in Amerikaanske drama-, detektive- en anty-oarlochsfilm út 2007 ûnder rezjy fan Paul Haggis, mei yn 'e haadrollen Tommy Lee Jones en Charlize Theron. De titel betsjut "Yn 'e Delling fan Elah", en ferwiist nei de bibelske delling dêr't neffens I Samuël 17 it gefjocht tusken David en Goliat plakfûn hawwe soe (yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting wurdt dat toponym oerset as de Terebintedelling). De plot fan 'e film folget Hank Deerfield, in âld-militêr waans soan Mike, dy't ek soldaat is, fermist rekket nei de weromkear fan syn ienheid út 'e Irakoarloch. It docht al rillegau bliken dat Mike fermoarde is, wêrnei't resjersjeur Emily Sanders belêstge wurdt mei it ûndersyk. In the Valley of Elah krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.
In the Valley of Elah | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Paul Haggis | |
produsint | Patrick Wachsberger Steven Samuels Darlene Caamaño Loquet Paul Haggis Laurence Becsey | |
senario | Paul Haggis | |
kamerarezjy | Roger Deakins | |
muzyk | Mark Isham | |
filmstudio | NALA Films Samuels Media Blackfriars Bridge | |
distribúsje | Warner Independent Pict. (Fer. St.) Summit Entertainment (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Tommy Lee Jones Charlize Theron | |
byrollen | Susan Sarandon James Franco Jason Patric Wes Chatham Jake McLaughlin Josh Brolin | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 septimber 2007 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | drama- en detektivefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 121 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $23 miljoen | |
opbringst | $29,5 miljoen |