Il Gesù (Rome)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Chiesa Santissimo Nome di Gesù (Tsjerke fan de allerhilligste Namme Jezus) is in tsjerkegebou yn Rome. It is de belangrykste tsjerke fan de yn 1534 troch Ignatius fan Loyola stifte oarder fan de Jezuïten. Lykas de Sint-Piter oefene ek de Il Gesù grutte ynfloed op de barokke tsjerkebou út. De tsjerke stie boppedat model foar in Jezuïtentsjerke en oare tsjerkegebouwen yn Europa.
Il Gesù | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
plak | Rome | |
adres | Via degli Astalli | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1568 | |
arsjitekt | Giacomo Barozzi da Vignola | |
boustyl | Barok | |
offisjele webside | ||
Side fan de tsjerke |
It begjin fan de troch de arsjitekt Giacomo Barozzi da Vignola ûntwurpen tsjerke wie yn 1568. Alhoewol't it monumint fan de kontrareformaasje al yn it jubeljier 1575 brûkt waard, duorre it noch njoggen jier ea't de tsjerke yn 1584 offisjeel wijd waard. Op it oansjen fan de tsjerke oefene kardinaal Alessandro Farnese út, in pakesizzer fan paus Paulus III en beskermhear fan de oarder. Hy makke de bou finansjeel mooglik en waard yn de tsjerke byset.