Idaho
From Wikipedia, the free encyclopedia
Idaho (Ingelsk: Idaho; útspr.: ['aidəhoʊ], likernôch "aidehoo"), offisjeel de Steat Idaho (Ingelsk: State of Idaho), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Idaho, byneamd de Gem State (de "Ealstiennesteat"), leit yn it noarden fan it lân, tsjin 'e Kanadeeske grins oan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Noardwesten. De haadstêd is Boise, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 1,6 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 44e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Idaho mei krapoan 217.000 km² de 39e steat. Idaho is in lanlike gebiet, dat benammen bekendstiet om syn natoerskientme.
Fluch de feiten Steat Idaho State of Idaho, flagge ...
Steat Idaho State of Idaho | |
---|---|
flagge | wapen |
Esto Perpetua (Latyn, "Dat It Foar Ivich de Tiid Trochstean Mei") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | ID |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1890) |
haadstêd | Boise |
grutste stêd | Boise |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 1.634.464 (2014) |
befolkingstichtens | 7,4 / km² |
oerflak | 216.632 km² (0,98% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Gem State |
tiidsône | UTC –7 (diels –8) |
simmertiid | UTC –6 (diels –7) |
webside | www.idaho.gov |
Slute
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Idaho. Foar oare betsjuttings, sjoch: Idaho (betsjuttingsside).