Ice Station Zebra (film)
film út 1968 fan John Sturges / From Wikipedia, the free encyclopedia
Ice Station Zebra is in Amerikaanske spionaazjeskrillerfilm út 1968 ûnder rezjy fan John Sturges, mei yn 'e haadrollen Rock Hudson, Ernest Borgnine en Patrick McGoohan. De titel betsjut "Iisstasjon Sebra". It ferhaal is loskes basearre op 'e roman mei deselde namme fan Alistair MacLean, en folget in dûkboat fan 'e Amerikaanske Marine dy't op in rêdingsmisje yn it Noardpoalgebiet stjoerd wurdt. Yn dizze tiid fan Kâlde Oarloch docht lykwols bliken dat neat mei dy misje is wat it liket. Fan 'e filmkritisy krige Ice Station Zebra mingde resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film lykwols in beskieden kommersjeel súkses.
Fluch de feiten
Ice Station Zebra | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Sturges | |
produsint | James C. Pratt Martin Ransohoff John Calley | |
senario | Douglas Heyes Harry Julian Fink W.R. Burnett | |
basearre op | de roman fan Alistair MacLean | |
kamerarezjy | Daniel L. Fapp | |
muzyk | Michel Legrand | |
filmstudio | Filmways | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer | |
spilers | ||
haadrollen | Rock Hudson Ernest Borgnine Patrick McGoohan | |
byrollen | Jim Brown Tony Bill Gerald S. O'Loughlin Ted Hartley | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 23 oktober 1968 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk (ek wat Russysk) | |
spyltiid | 148 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $10 miljoen | |
opbringst | $15,7 miljoen |
Slute