Hosni Mûbarak
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hosni Mûbarak (folút: Mohammed Hosni Saïd Mûbarak, Arabysk: محمد حسني سيد مبارك, sekuere transliteraasje: Muḥammad Ḥusnī Sa‘īd Mubārak; útspr.: [mu'ħam:ad 'ħusni: sa'ʕi:d mu'ba:rak], likernôch: "mû-hammad hûs-nii sa-iid mû-baa-rak"; Kafr el Meselha, 4 maaie 1928 – Kaïro, 25 febrewaris 2020) wie fan 1981 oant 2011 de fjirde presidint fan Egypte. Hy sette syn karriêre útein as gefjochtspiloat by de Egyptyske Loftmacht, wêrfan't er fan 1972 oant 1975 kommandant wie. Yn 1975 klom er op ta fise-presidint, en nei de moard op Anwar Sadat naam er yn 1981 de macht yn Egypte oer. Mûbarak regearre as in diktator en dulde net folle opposysje. De ferkiezings dy't er ûnder druk fan 'e Westerske wrâld organisearre, wiene skynfoarstellings dy't neat mei demokrasy te krijen hiene.
Hosni Mûbarak | ||
politikus | ||
Hosni Mûbarak yn 2009 | ||
echte namme | محمد حسني سيد مبارك, Muḥammad Ḥusnī Sa‘īd Mubārak | |
nasjonaliteit | Egyptysk | |
bertedatum | 4 maaie 1928 | |
berteplak | Kafr el Meselha (Egypte) | |
stjerdatum | 25 febrewaris 2020 | |
stjerplak | Kaïro (Egypte) | |
etnisiteit | Egyptysk-Arabysk | |
partij | Nasjonale Demokratyske Partij | |
presidint fan Egypte | ||
amtsperioade | 1981 – 2011 | |
foargonger | Sûfi Abû Taleb (wnd) | |
opfolger | Mohammed Hûssein Tantawi (interim) | |
sekretaris-generaal fan 'e Beweging fan Net-Bûne Lannen | ||
amtsperioade | 2009 – 2011 | |
foargonger | Raúl Castro | |
opfolger | Mohammed Hûssein Tantawi (wnd) | |
minister-presidint fan Egypte | ||
amtsperioade | 1981 – 1982 | |
foargonger | Anwar Sadat | |
opfolger | Achmed Fûad Mohijeddin | |
fise-presidint fan Egypte | ||
amtsperioade | 1975 – 1981 | |
foargonger | Hûssein al-Sjafei Machmûd Fâzi | |
opfolger | Omar Suleiman | |
kommandant fan 'e Egyptyske Loftmacht | ||
amtsperioade | 1972 – 1975 | |
foargonger | Ali Mûstafa Bagdadi | |
opfolger | Machmûd Sjaker | |
direkteur fan 'e Egyptyske Loftmachtakademy | ||
amtsperioade | 1967 – 1969 | |
foargonger | Jachja Saleh al-Aidaros | |
opfolger | Machmûd Sjaker |
Mûbarak bleau úteinlik tritich jier oan 'e macht, en wie dêrmei de langst regearjende Egyptyske hearsker sûnt de Osmaanske ûnderkening Mohammed Ali, dy't yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw 43 jier regearre. Massale demonstraasjes yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd laten begjin 2011 ta de Egyptyske Revolúsje, wêrby't Mûbarak ôfset waard. Neitiid waard er yn 2012 ta libbenslange finzenisstraf feroardiele foar de willensmoedse moard op withoefolle freedsume demonstranten. Nei't de prille demokrasy yn Egypte ûnder fuotten helle wie en der in nije militêre diktatuer ynsteld wie ûnder maarskalk Abdel Fatta al-Sisi, waard de feroardieling fan Mûbarak yn 2015 weromdraaid, wêrnei't er yn 2017 frijkaam. Nei syn ferstjerren yn 2020 krige er in militêre begraffenis.