Honkbalkneppel
From Wikipedia, the free encyclopedia
In honkbalkneppel is in kneppel fan polyste hout of fan aluminium dy't yn 'e balsport honkbal brûkt wurdt om 'e bal mei fuort te slaan dy't de slachman tagoaid wurdt troch de werper. Sa'n kneppel bestiet út in tinner hânsel en in tsjûkere útein (it eigentlike slachhout). Oan 'e basis fan it hânsel sit yn 'e regel in lytse ring fan tsjûker materiaal sadat de kneppel de slachman net út 'e hannen glydzje kin. Neffens de regels fan 'e sport mei sa'n kneppel maksimaal 42 inch (106,7 sm) lang wêze, en op it grouste punt net mear as 2,75 inch (7,0 sm) tsjûk. Histoarysk waarden wol honkbalkneppels ynset dy't 1,4 kg weagen, mar tsjintwurdich binne de measten 940 g oant maksimaal 1 kg. Behalven foar sport wurde honkbalkneppels ek geregeldwei brûkt as wapens, om't se de moderne foarm fan 'e kneppel binne dy't rûnom beskikber is en om't se sa noflik yn 'e hân lizze.