Honfleur
From Wikipedia, the free encyclopedia
Honfleur leit oan de lofter en súdlike kant fan de mûning fan de Seine yn it Frânske departemint Calvados yn Normandje. Oan de oare kant fan de Seine leit Le Havre, mar oars as dy stêd hat Honfleur syn âlde karakter goed bewarre. It plak leit skildereftich om le Vieux Bassin, de haven, dy't omfieme wurdt mei hege mei griisblauwe laaistien oerdutsen hûzen. De ynwenners neame harrensels Honfleurais.
Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Honfleur | |
---|---|
Haven fan Honfleur | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Normandje |
Departemint | Calvados |
Sifers | |
Ynwennertal | 7.138 (2018) |
Oerflak | 13,67 km² |
Befolkingstichtens | 522 / km² |
Hichte | 0-117 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Side fan Honfleur |
Slute
It plak is skildere troch ferneamde ympressionisten, lykas Gustave Courbet, Eugène Boudin, Claude Monet en Johan Barthold Jongkind, dy't de école de Honfleur foarmen, dy't bydroech oan de opgong fan de ympressjonistyske beweging. Honfleur hat in soad keunstgaleryen.