Hitler-Jongerein
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hitler-Jongerein (Dútsk: Hitler-Jugend, HJ) wie de jongerein ôfdieling fan de Dútske Nazi Partij (NSDAP) en waard yn 1922 oprjochte. Fan 1933 oant 1945 wie de HJ de iennichst tastiene jongereinbeweging mei oant 8,7 miljoen leden (98 prosint fan de Dútske jongerein). De wiere Hitlerjugend wie ornearre foar jonges fan 14 oant 18 jier; de seksje Deutsches Jungvolk wie foar jonges fan 10 oant 14; de Bund Deutscher Mädel wie foar famkes.