Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum (Frysk: "Tsjerklike Skiednis fan it Ingelske Folk"), is in Latynsk wurk fan 'e Earwearde Beda (673-735), in learde kleasterling út 'e Iere Midsiuwen, oer de skiednis fan it Angelsaksyske Ingelân (hjoeddeiske histoarisy en taalkundigen hawwe it foar de moade en koartsje de namme derfan ôf ta HEGA). Yn dit wurk is Beda it meast op 'e tekst oer it kristenjen fan lân en folk en oer it skeel yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke tusken de Romeinske dogmatisy en it Keltyske kristendom doedestiden. It boek wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste skiedkundige boarnen oangeande it Angelsaksyske tiidrek en is ek foar de Fryske skiednis fan belang. Troch Beda witte wy bgl. dat Aldgillis in kening wie en net ûnderhearrich oan it Frankyske Ryk. Teffens skriuwt Beda yn 'e Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum (yn boek 1, haadstik 15) oer de Angelsaksyske ynfaazje fan 'e Britske Eilannen ûnder lieding fan Hengist en Horsa. Oer it generaal is men fan tinken dat Beda it wurk ôf hie yn 731, doe’t er hast 60 jier âld wie. Yn 2013 ferskynde in Fryske oersetting fan guon fragminten dy't foar Friezen nijsgjirrich binne, fan 'e hân fan oersetter Klaas Bruinsma.
Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum | ||
Folium 3v út 'e Codex Beda Petersburgiensis. | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Beda | |
taal | Latyn | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | skiedkundige kronyk | |
skreaun | ±700-731 |