Hirzenach
From Wikipedia, the free encyclopedia
It doarp Hirzenach leit op de linker kant fan de Ryn en is ien fan de tsien sahjitten Ortsbezirken fan de stêd Boppard yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Sûnt 31 desimber 1975 kaam der in ein oan it bestean fan it doarp as selsstannige gemeente en waard it by de stêd Boppard foege.
Fluch de feiten
Hirzenach | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
Stedsyndieling | Boppard | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 274 (2019) | |
Hichte | 152 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 56154 | |
Koördinaten | 50° 10' 40" N 7° 38' 35" E | |
Kaart | ||
Slute
Hirzenach leit tusken de plakken Sankt Goar en Bad Salzig. It leit sintraal yn it UNESCO-wrâlderfskip "Midden-Ryndelte", in streek dy't ferneamd is fanwegen de kastielen, histoaryske stêden en wynbou. Foar toeristen binne der yn 'e omkriten fan it doarp tal fan kuierpaden troch de natuer oanlein. It plak leit oan it spoar en hat in stasjon.