Hindrik V (toanielstik)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hindrik V, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry V (folút eins: The Life of Henry the Fifth, "It Libben fan Hindrik de Fyfde"), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Hindrik V foarmet it fjirde en lêste part fan Shakespeare syn tetralogy (rige fan fjouwer stikken) oer de opienfolgjende regearperioaden fan 'e Ingelske kenings Richard II, Hindrik IV en Hindrik V. Sa't de titel al oanjout, is dit stik basearre op it libben fan kening Hindrik V, dy't regearre fan 1413 oant 1422, al giet it benammen oer de foarfallen drekt foarôfgeande oan en folgjend op 'e ferneamde Slach by Azincourt, yn 1415. Boppedat stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof. Mei Hamlet is Hindrik V ien fan 'e stikken fan Shakespeare dy't de measte útdrukkings yn 'e Ingelske taal yntrodusearre hawwe. It moat omtrint 1599 skreaun wêze, en it waard foar it earst útjûn yn 1600. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.
Hindrik V | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Henry V | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±1599 | |
1e publikaasje | 1600, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Kening Hindrik V | |
publikaasje | 1965, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |