Herfoarme Tsjerke yn Amearika
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Herfoarme Tsjerke yn Amearika (Ingelsk: Reformed Church in America), gauris ôfkoarte ta RCA, is in kalvinistysk protestantsk tsjerkegenoatskip yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Dizze organisaasje komt streekrjocht fuort út 'e Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke, en waard stifte yn 1628, doe't de Nederlânske kolonisten yn Noard-Amearika harren earste tsjerklike gemeente oprjochten. Sûnt 1754 is it selsstannige tsjerke, dy't oant 1867 de namme fan Herfoarme Protestantske Nederlânske Tsjerke (Reformed Protestant Dutch Church) droech. De Herfoarme Tsjerke yn Amearika hat likernôch 230.000 leden.
Fluch de feiten
Herfoarme Tsjerke yn Amearika | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Reformed Church in America | |
stifting | 1628 | |
ûnôfhinklik | 1754 (f.d. Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke) | |
erkenning | 1754 (f.d. Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | protestantisme (kalvinisme) | |
tsjerketaal | Ingelsk | |
ledetal | 152.000 (2021) | |
webside | www.rca.org |
Slute