Henri de Toulouse-Lautrec
From Wikipedia, the free encyclopedia
Henri Marie Raymond greve fan Toulouse-Lautrec-Monfa (Alby, 24 novimber 1864 - kastiel Malromé (Gironde), 9 septimber 1901) wie in Frânsk keunstskilder, grafikus en litograaf.
Fluch de feiten
Henri de Toulouse-Lautrec | ||
keunstner | ||
Henri de Toulouse-Lautrec | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Marie Raymond greve fan Toulouse-Lautrec-Monfa | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 24 novimber 1864 | |
berteplak | Alby | |
stoarn | 9 septimber 1901 (36 jier) | |
stjerplak | Saint-André-du-Bois | |
etnisiteit | Oksitaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | skilder, litograaf, tekener | |
streaming | Post-ympresjonisme, Art Nouveau | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Slute
Toulouse-Lautrec wie fan Oksitaansk komôf en hiet eins Enric Maria Ramon de Tolosa-Lautrèc-Montfan. Hy heart mei Cézanne, Van Gogh en Gauguin ta de meast bekende skilders fan de Postympresjonistyske perioade. Yn 2005 brocht it skilderij La Blanchisseuse, in betiid skilderij fan in waskfrou, by in feiling troch Christie's US$22.4 miljoen op, in nij rekord foar in wurk fan dizze skilder.