Harbor Springs (Michigan)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Harbor Springs is in stêd yn Emmet County, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan. It leit oan 'e noardkust fan it Neder-Michigan, oan 'e Little Traversebaai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Michiganmar, ien fan 'e Grutte Marren. Simmerdeis is Harbor Springs in populêr wettersportoard. De natuerlike haven fan Harbor Springs foarmet in baai yn 'e baai, wêrfan't de yngong oanjûn wurdt troch de Little Traverse-fjoertoer. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Harbor Springs doe in befolking fan 1.200 minsken.
Fluch de feiten
Harbor Springs | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Emmet County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.201 (2012) | |
Oerflak | 3,4 km² (ynkl. wetter) 3,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 354,6 / km² | |
Hichte | 204 m | |
Oar | ||
Stifting | <1847 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 45°25′54″N 84°59′31″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofharborsprings.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Harbor Springs yn Emmet County en yn 'e steat Michigan. |
Slute