Hadrianus
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hadrianus (Folút:Publius Aelius Traianus Hadrianus) (24 jannewaris 76 – 10 july 138) wie in keizer fan it Romeinske Ryk fan 117 oant 138 en de tredde fan de adoptyfkeizers. Under syn bewâld waarden der yn it hiele ryk in protte grutte wurken útfierd, lykas de bou fan de muorre fan Hadrianus yn Ingelân en it Panteon yn Rome. Hy herfoarme de rjochtspraak en it amtlik apparaat en stifte ferskeidene stêden.