Grutte eksterspjocht
From Wikipedia, the free encyclopedia
De grutte eksterspjocht (Dendrocopos major) is in fûgel út de famylje fan Spjochtfûgels. De 23-26 sm grutte fûgel is fierhinne swart mei wyt. De búk is wyt mei in reade ûnderein. De sturt en flerken binne meast swart mei wite plakken. It mantsje is fan it wyfke te ûnderskieden troch syn reade nekke; by it wyfke rint it swart fan de foarholle oer de nekke troch oant de flerken.
Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
grutte eksterspjocht | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dendrocopos major | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Slute
De grutte eksterspjocht komt yn hiel Jeropa en Noard-Aazje foar. Hy bewennet sawol leaf- as nuddelbosken. Winterdeis lit hy him ek wol by minsken yn de tún op de foerplanke sjen, tusken de miezen en klysters.