Grutte Fryske Oarloch
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grutte Fryske Oarloch wie in bûtenwenstich grut wapene konflikt yn de partijtiid, it tiidrek fan de Skieringers en Fetkeapers. Njoggen jierren lang (tusken 1413 en 1422) wie der sprake fan oarloch yn hiel Fryslân tusken Fly en Weser. De oarloch ûntstie yn East-Fryslân as gefolch fan in út de hân rûne fete tusken Keno II tom Brok en Hisko Abdena út Emden, wêrnei't alle partijen in kant keazen en yn hiel Fryslân in boargerkriich losbarste. De oarloch ferrûn foar alle partijen dy't der mei anneks wiene mei wikseljend súkses en útsein de Bronkhorsten yn de stêd Grins hat de oarloch net ien partij in protte foardiel opsmiten. Op de ein drige sels te barren wat letter yn 1498 de ein fan de Fryske frijheid betsjutte soe. In bûtenlânske hear, Jan fan Beieren waard om help frege yn it konflikt, wêrnei't dy sels de macht hawwe woe yn Fryslân. Lykwols waarden de Hollânske troepen fuortjage. Op 1 febrewaris 1422 kamen alle partijen nei de stêd Grins om frede te sluten (frede fan Grins).