Grutte Brân fan Smyrna
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grutte Brân fan Smyrna (Gryksk: Καταστροφή της Σμύρνης; Ramp fan Smyrna; Turksk: 1922 İzmir Yangını, Brân fan Izmir yn 1922; Armeensk: Զմիւռնիոյ Մեծ Հրդեհ) ferwoastge yn septimber 1922 in grut part fan de havenstêd Smyrna, it hjoeddeiske Izmir.
Neffens tsjûgen begûn de brân op 13 septimber 1922. De brân waard oanstutsen nei't Turkske troepen op 9 septimber 1922 it Turkske bestjoer oer de stêd op 'e nij ynstelden, nei't earder Grykske striidkrêften trije jier earder op 15 maaie 1919 oan lân kamen. Op 22 septimber 1922 kaam der in ein oan it alles fertarjende fjoer. It tal Grykske en Armeenske boargerslachtoffers troch de brân wurdt rûsd op 10.000 oant 100.000.
Om oan it fjoer te ûntkommen flechte de Grykske en Armeenske befolking fan de stêd nei de kaai, dêr't hja ûnder tige drege omstannichheden twa wiken lang bliuwe moasten. Turkske troepen ferlearen de ynearsten oanwêzige dissipline en begûnen harren dêrnei skuldich te meitsjen oan wreedheden en moardpartijen ûnder de kristlike befolking fan de stêd. Foar de stêd leine alliëarde skepen, dy't net yngrepen en wêrfan't de bemanning op ôfstân taseagen en ferslach diene.
It fjoer liet neat oer fan de Grykske en Armeenske stedsdielen, wylst de islamityske en joadske wiken sparre bleaune. De net-Turkske boarnen lizze de ferantwurdlikens foar de brân by Turkske soldaten, dy't hûzen en saken fan de kristlike befolking yn 'e brân stieken. Tradisjonele Turkske boarnen wolle lykwols hawwe dat de Griken en de Armenen sels de brân stiften.