Gromosoom
From Wikipedia, the free encyclopedia
In gromosoom [Gryksk: χρώμα (groma) = kleur; σώμα (sooma) = lichem] is in drager fan in part fan it erflik materiaal (DNA) fan in organisme. It is in mei kleurstoffen goed sichtber te meitsjen aaiwytstruktuer yn de selkearn fan eukaryoaten. Prokaryoaten (baktearjes en archaea) hawwe gjin echte gromosomen mar ringfoarmich DNA, lykas plastiden en mitogondryen. By de seldieling wurde de gromosomen goed sichtber troch gearlûken (kondinsaasje) fan it gromatine. Oan de ein fan in gromosoom sit in telomear. Der binne autosomen, X-gromosomen en Y-gromosomen.
By diploïde organismen, ek by de minske, komme gromosomen foar yn spantsjes fan homologe gromosomen, wêrby’t ién eksimplaar fan de mem komt en it oare fan de heit. Homologe gromosomen ha in likense opbou, mar binne net identyk.
Gewoanwei hat in minske 46 gromosomen (23 pear). By de seldieling ferdûbelet elk gromosoom him en bestiet dan tydlik út twa identike gromatiden. De selkearn befettet dan 92 gromatiden. As de gromatiden fan elkoar skieden binne bliuwe der 92 dochtergromosomen oer, dy’t letter ferdield wurde oer twa dochtersellen, sadat elke sel wer 46 gromosomen hat.