Gallipoli (skiereilân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gallipoli (útspr.: [ɡa'lipoli], likernôch: "gal-ly-poo-ly"; Turksk: Gelibolu Yarımadası; Gryksk: Χερσόνησος της Καλλίπολης, Chersónisos tis Kallípolis) is in skiereilân oan 'e súdlike kust fan East-Traasje, oftewol it Jeropeeske diel fan Turkije. It stiket fan it fêstelân fan 'e Balkan yn súdwestlike rjochting út yn 'e Egeyske See, en foarmet dêrby oan 'e súdeastkant mei it fêstelân fan Lyts-Aazje in see-ingte dy't bekendstiet as de Dardanellen. Yn 'e Grykske Aldheid waard it skiereilân Trasysk Chersonisos neamd. Letter hearde it ta it Byzantynske Ryk, de Republyk Feneesje en it Osmaanske Ryk. Under de Earste Wrâldoarloch krige it bredere bekendheid troch de bloedige Gallipolikampanje.
Fluch de feiten
Gallipoli | ||
In satellytfoto fan it Gallipoliskiereilân en omkriten | ||
polityk | ||
soarte gebiet | skiereilân | |
lân | Turkije | |
provinsje | Çanakkale | |
haadplak | Gelibolu | |
grutste plak | Gelibolu | |
sifers | ||
ynwennertal | 53.308 (2012) | |
oerflak | 900 km² | |
befolkingstichtens | 59,2 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC +2 | |
simmertiid | UTC +3 | |
koördinaten | 40°21′ N 26°28′ E | |
Kaart | ||
Lizzing yn Turkije.
|
Slute