Fulkaan
From Wikipedia, the free encyclopedia
In fulkaan is in berch dy't jiske en lava spuit (hiele waarme, raande stien) út in magma grûnlaach djip ûnder de grûn. De measte fulkanen hawwe in krater by de top. Magma wurdt lava neamd as it út de fulkaan spuit is.
De measte fulkanen binne te finen yn gebieten dêr't tektoanyske platen oan elkoar grinze. Op dy plakken kin de magma nei boppe komme. In lyts part fan de fulkanen hat net direkt mei tektoanyske prosessen te krijen omdat se net op in tektoanyske plaatgrins lizze. By sokke fulkanen komt in mantelplom út de djippe ierdmantel nei it ierdoerflak.